Ljouwerter Skotsploech


De Ljouwerter Skotsploech, in folkloristyske dûns- en sjonggroep út de Fryske haadstêd, is yn 1948 oprjochte mei it doel bepaalde fasetten fan de Fryske folkloare yn stân te hâlden en it weardefolle út it ferline oan de minsken fan hjoed de dei oer te dragen troch dûns, muzyk, sang en toaniel.

De manlju drage in tige stimmich kostúm, dat bestiet út in swarte knibbelbroek, in swarte skoatjas mei brede kraach, in siden fest, in wyt boesgroentsje mei in wite halsdoek en in swarte hege hoed. Hjirby wurde blauwe hoazzen droegen en swarte skuon mei sulveren gaspen. Hja drage in sulveren horloazje oan in ketting mei de saneamde “signetten”.

De froulju drage in ryk en fleurich kostúm mei de kenmerken fan de krinoline-moade ntl. in jak mei in wide rok en ûnderrokken. Oer it jak drage de froulju in kanten tipdoek en oer de bopperok in kanten skelk, beide tige moai fersierd mei borduerwurk.
It dûnsprogramma bestiet út in grut tal âlde Fryske dûnsen, sa as polka's, mazurka's en walsen en fansels de bekende Skotse Trije. Mar ek bringt sy in sjongprogramma fan âlde Fryske lieten en net te ferjitten it sjongspul "Fryske Trou". Yn dit folkloristysk sjongspul, dat yn 1919 skreaun is troch Y.C. Schuitmaker, wurde yn orizjinele klaaiïng, âlde Fryske ambachten en sporten útbylde. It hiele programma wurdt muzikaal begelaad troch in fioelist en/of akkordeonistes. Mei al dizze ôfwikseljende aktiviteiten kin in folslein dûnsprogramma brocht wurde.

 

<<<